Frysk in groep 1-2

We hebben als school een samenwerking voor de groepen 1 en 2 met het Sintrum meartaligens.

Zij begeleiden leerkrachten bij het geven, in stand houden en versterken van het vak Fries, zowel in het primair, voortgezet als beroepsonderwijs. Ze maken materialen en denken mee in de methodische leerlijn om het vak Fries op moderne wijze inhoud te kunnen geven.

 

Elke week hebben de leerlingen van groep 1-2a les van Trees en groep 1-2b heeft les van Afke.

 

Fryske les, ondersteuning foar de leerkrêft.   Myn namme is A Heida en ik bin elke tiisdeimoarn yn'e klas bij de kleuters fan juf Wilma& Janke. It idee bij Frysk is dat as't 2-3 talen oan bern oanbiedst( Ingels) it de hersencreativiteit stimulearest. Bern yn dizze leeftyd binne hiel taalgefoelig en se lefe no ien kear yn Fryslân.( fyn ik) It is moai om hjir oandacht oan te skinken op jimme skoalle. Meastentiids ha ik in praatsje en mei de bern sels earst wat fertelle en dêrnei slút ik oan bij it tema fan de skoalle. No is dat gruwelijke, spannende en enge ferhalen, boeken. Ik fertel fanút in printeboek in ferhaal yn it Frysk. Ek lit ik de bern d r bij tekenje en skriuw ik de friese wurden d'r bij. Ek brûk ik faaks ferskes en wurden oer it eigen lichem, want dan kinst de taal erfare mei dyn liif en dat is foar kleuters belangrik en dúdelik. Ik hoop te berikkken dat de juf yn Snits ek stimulearre wurd om ris Frysk te praten. 't Is hiel grappig om te fernimmen dat bern d'r neat fan ferstean, mar it mei in plaatsje dúdelik krije wat it friese wurd betsjut. D'r bin in pear bern dy't it Fries kinne fan hus út troch heit as mem of pake & beppe. Dit wurk wurd jim oanbearn troch SFBO. Ik bin sels in befoegd leerkrêft.
Mei freonlike groet juf Afke   Binnenkoart kin de bern in Frysk diploma fertsjinje!!    

Memmetaalsprekker

Sa neame se it wurk wat ik doch op jim skoalle. Ik praat myn memmetaal, it Frysk, mei de bern.

Foar it twadde jier bin ik no op jim skoalle ”de Oudvaart” om alle wiken in les Frysk te jaan yn ‘e ûnderbou. Ik bin yn de klasse fan juf Anja en juf Janke en no ek de klasse fan juf Beitske.

Ik mei dit wurk graach dwaan. Yn lytse groepkes gean ik mei de bern oan ‘e gong.

Se neame my de Fryske juf. We dogge ferskate dingen; boekje lêze, in ferske sjonge of in spultsje.

Sels praat ik dan Frysk en as se it net begripe, dan fertel ik it ek yn it Nederlânsk.

It is moai wurk en we kinne ek wol laitsje… In skoftke lyn wiene we oan it tellen. Ik frege doe: “wa kin wol yn it Frysk telle?” Ja, der wie wol ien fan de bern dy’t dat besykje woe: “one, two, three, four…” No dat is toch moai? Doe ha we mei-inoar yn it Ingelsk teld, yn it Nederlânsk en dêrnei fansels noch yn it Frysk!

Dat der mear talen binne is foar de bern hiel gewoan.

 

Omdat it mei de lytse bern noch in soad mei plaatsjes en útbyldzjen giet, begripe se doch ek wol wer gau wat ik sis yn it Frysk. As we in ferske of in boekje dien ha, dan litte we dat witte oan de juffen om’t sy it dan ek noch wer ris brûke kinne yn ‘e klasse, sadat it Frysk echt in plakje krijt.

Fan de juffen hearre we wat it tema is de kommende wiken en dêr sykje wy dan wat by. Meastal bliuw ik ek nei myn les noch efkes yn ‘e klasse ûnder it fruititen en it wurkjen.

Myn taal bliuwt dan Frysk en as ik dan wer fuort gean dan sis ik: ”oant oare wike allegear”,

 “oant oare wike!” , hear ik dan yn koar!

 

De Fryske juf, juf Trees