Frysk

Eltse tiisdei komme de juffen fan Frysk by groep 1 en 2. Juf Trees by groep 1a/2a en juf Afke by groep 1b/2b. Troch spultsjes, boekjes, ferskes en dûnskes leare se de bern yn lytse groepkes Fryske wurdsjes en sinnen. De juffen probearje yn het tema te bliuwen dêr’t wy mei wurkje. Sa hiene de bern fan groep 1b/2b it dizze wike oer Valentijnsdei en de postboade. Groep 1a/2a wie dwaande mei beroppen yn it algemien. De bern genietsje altiid enorm fan dizze lessen en sjoche der graach nei út.